Oersjoch kaarten:

Oer de skiednis,

.....ast dy ien kear fÍst biten hast yn in Żnderwerp dan wolst er al mar mear fan witte.....de Żnnoazelste dinkjes kinne ķteinlik fan wol it wichtichst fan alles blike te wÍzen ....sadwaande dŻkte ik yn de skiednis fan Breewar......der wiene my wolris wat kaartsjes fan de Warkumer Mar Żnder eagen kommen, mar der moasten grif mear wÍze....stomtafallich trof ik Jelle Hagen fan wetterskip Boarn en Klif dy't my wiisde op it bestean fan www.friesarchiefnet.nl .... dÍr kaam ik aardich fierder mei.....net allinnich de argiven fan it wetterskip wiene berikber mar ek dy fan de provinsje en de gemeenten...ik lit hjir wat kaarten sjen.... de ‚ldste is in prachtige kaart fan Westergo ķt 1718.....op de kaart ķt 1790 is Breewar ek dķdlik te sjen...

....ķt 1904 komt dizze kaart... dan is de mar al goed 25 jier gjin wetter mear hjir is de ferkaveling moai op te sjen....rjochts op dizze kaart, neist de Trekfeart stiet de namme Bruinsma's Bos....hjoed de dei is der fan in bosk gjin sprake mear, mar neffens ‚lderen ha der al in stik of wat beammen stien...alhoewol... de hiele mar hat eartiids bosk west want by it turfmeitsjen kaam men omraak stobben en takke guod tsjin.....de skilder Jopie Huisman, dy't berne is yn de mar en der ferline jier ek stoarn is fertelde fan Bruinsma's Bos dat se dÍr as bern dan oant boartsjen wiene en as se dan poepe moasten dan gyngen se dÍr ķt'e broek....dÍrom soe it Bruinsma's Bos hjitte....wier is wol dat Jopie him ynspireare litten hat troch Bruinsma's Bos, want hy hat der in skilderij nei neamd....

....125 jier lyn wie de Warkumer Mar noch wetter.... in steal Żndernimmers (wy soene no projekt-Żntwikkelders sizze) rjochten de N.V."Friesche Landaanwinning-maatschappij" op.....dizze mannen krigen in konsesje fan it ryk.... it droechmeitsjen koe yn 1876 oangean...ik wit net oft alle projekt-Żntwikkelders sa binne, mar fan de hear Ebes hearde ik it ferhaal dat de hearen fan de N.V."Friesche Landaanwinnings-maatschappij" mei falske grŻnmŻnsters nei de kommisje ta gien wiene om sa harren projekt, dat al sawat 20 jier trochsukkele, der troch te krijen....in soad hat it de mannen net opsmiten want de N.V. gie yn 1882 fallyt....in notaris ķt Utert, mr. F.A.van Hall kocht de hiele mikmak foar 225.000 gŻne.....hy frege fergunning oan foar de ferfeaning fan de Mar.....der is dan ek in bult turf makke troch de bewenners...


fergunning foar de ferfeaning...

fia Warkums Erfskip haw ik noch in moaie foto krigen fan it turfmeitsjen yn de Mar. De hiele famylje wie derfoar yn it spier want der koe wat ekstra's mei fertsjinne wurde. Guon ruilen it ek mei oare saken sa as ark of klean. Mar wat men der ek mei die, it wie in moaie oanfolling op it krappe deistige ynkommen.

turf.JPG (16016 bytes)

Op ferskate plakken yn de Mar is der turf stutsen en by tiden stiene der grutte bulten turf te wachtsjen op de klant. No wol it ferhaal dat der yn de lÍste oarloch yn ien fan dy bulten in autobus ferskŻle wie en dat der ŻnderdŻkers yn sitten ha. Guon sizze dat Kleis Hķsman, mar ek Wouter Yntema en Pyt Flapper der wat fan witte moatte. It giet my te fier om dat ķt te sykjen mar wa der wat fan wit mai it sizze dan kin ik it hjir noch wol kwyt.