DE SKOUWING

ferhaal fan Jac.G.B

oersjoch.JPG (10284 bytes)

De deis fan tefoaren wie ús mem al wat fan't hynder. Us heit ek, mar hy liet it net merke. In bytsje koartôf waard tsjin de measte bern sein wat se dwaan moasten. De jonges moasten de skuorre oan feechje, de kij boarstelje en sturtwaskje. Rûn slingerjend ark waard opromme. Hjir en der plakten wy in nije krante tsjin de bûthúsmuorre.Rúthimmelje fansels en as lêste de kij oan it jaar ta yn it strie. De froulju hellen yn't foarein de hile boel oer de kop. De matten klopje en de keamer oanfeie. It diggelguod waard ôfstoffe en se fleagen mei spûns en lear de finsters op en del. Bakker Venema brocht joadekoeken en om oan te jaan dat it hjir wier om in bysûnder barren gie, hellen wy by Leo de Vreeze in fleske echte kofjemolke, wylst wy went wiene oan gewoane molke mei tsjokke fluezen. Jûns wiene wy allegearre sa wurch   as in maits, mar alles stie der by om troch in rinkje te heljen. It koe heve! De jierlikse skouwing. It hichtepunt yn it deistich bestean fan i n ienfâldich bestjoerslid fan wetterskip "De Beveiliging". Dit lytse wetterskip wurde begrinze troch de Trekwei, de Yndyk, Skarnebuorren. de Droege Dolte en sa wer werom nei de Ielpôle. It hege lân tsjin de Trekwei oan en dat lâns de Brouwersdyk rjochting Ferwâlde streamde frij ôf op de Warkumer Mar. Fia ferskate wettergongen en tochtsleatten kaam it oerstallige wetter úteinlik telâne by it stoomgemaal, dat op de Yndyk útwettere. En sa hie men ek yn'e omkriten fan Breewar meastentiids droege fuotten. dat is te sizzen, as alles wurke en it gemaal it beskreppe koe. Yn dat ramt wie it fansels tige wichtich dat de sleatten by't hjerstmis skjin wiene en sadwaande moast de skouwing hjirfan wol in earnstige saak wêze foar wetterskipbestjoerders.

Fier yn'e hjerst, moarns om healwei njoggenen, sammelen seis boeren en boargers harren by de Holle Mar. Jierrenlang deselde minsken: Hylke Bleeker, Pé de Jong, Sjoerd Sterkenburgh, Jan Bokma, ús heit Johannes Bouwhuis en de skriuwer-ûntfanger H.N.H.K. de Jong. Stik foar stik strak yn it pak en de ploai kreas yn'e broek. No ja, ek wolris twa njonken elkoar. In bytsje ûnwennich rûnen de hearen op'e nije klompen de Breewarsdyk del, dy't doe in stik minder tagonklik wie as hjoeddedei. Us pleats, "De Meerhoeve", wie it earste pleisterplak. Dêr joech it selskip harren efkes del neidat se heechút tsien minuten by de oppoetste kij en keallen sjoen hiene, ûnderwylst wat beleefdheden mompeljend oer dekwaliteit fan it fee en de jaren dy'der ûnder hongen. De kofje mei de joadekoek woe der wol yn en guon skouwers hien op it stuit al sin oan wat sterkers tsjin de kjeld en sa. Mar derfoar wiene se by ús oan it ferkearde adres. In rumbeane koene se krije, mear net.

Njonkenlysten sette it selskip wer ôf rjochting it stoomgemaal, it domein fan Pholippus Teernstra. Sober en massyf oplutsen út bakstiennen stige it heech út boppe it lân fan'e Warkumer Mar as in beaken fan feiligens. Fan binnen in plaatsje fan technyk mei syn tsjettels en rêdwurk. En skjin dat it wie, wat sis ik, skytskjin! De giele fliertegels, lyk as de koperen kranen, liedings en smarnippels glommen as in ikel. Net ien krige it yn'e harsens en wâdzje der op klompen of learzens yn. Ek net it skouwingskomitee. Mar foar ien wie der in útsûndering en wol yn de persoan fan H.N.H.K. de Jong dy't fanwege syn status de skuon oanhâlde mocht, tenminsten as hy se goed ôffeit hei op de dampe dweil foar de doar. Nei in koart petear oer it tal draaidagen, it ferbrûk fan brânje en oare wichtige saken, rûnen de manlju by de Yndyk del en fia Hinkeskar nei Ferwâlde. Ek yn de Kolken blieken de sleatten skjin te wêzen.

wynstil_1.JPG (21086 bytes)

It wie gâns in tippel oer de kliemske klaaigrûn fan Jacob de Jong en de bruorren Zeinstra foardat se oan it sop koene by frou Sterkenburgh. By dizze minsken hie de foarútgong doe al danich taslein ( we skriuwe begjin sechtiger jeirren) want de hynders hiene al plak makke foar de trekker en de masine molk de kij. De lytse marboer sil him grif noch lytser fielt ha by it sjen fan al dizze woldieden út it moderne tiidrek.Doe't it sop em de boltsjes op wiene setten de mannen mei in sigaar yn'e mûle útein foar it lêste trajekt, In stikje Skarnebuursterwei, dan rjochtsôf it lân yn by de Bokma"s, troch de greide fan Jan Ybema en sa oer it Tillefonnepaad nei Warkum. Strang nmar rjochtfeardich konstatearre it bestjoer dat in inkelsde boer op it hege lân wat te let wie mei it hekkeljen. Hy koe in oanskriuwing ferwachtsje, mar faaks wisten hja al wat de reden wie;  De arbeider siik, ûngemak yn it foarhûs of oare noedeb dy't in streek hellen troch it deistich patroan fan de agrarysk ûndernimmer.

De ljochten fan "de Wynberg" winkten fleurich doe't it ploechje wurge mannen yn'e skimerjûn de Merk oerstiek. No wie it dan einliks safier. Tiid foar in slokje om de kjeld te ferjitten. Ek ús heit, dy't noait oan alkohol kaam, moast der oan leauwe. mei tsjinsin priuwke hy yn de reade beijenever om, bliid dat er dy rommel sûnder te spuien fuortwraksele hie. De oare skouwers namen noch in twadde, in tredde en doe noch in pear. Douwe Andela hie der wol niget oan, want wylst oaren yn de koken dwaande wiene mei in streksum miel, liet hy de flesse noch in kear rûngean en naam der sels ek mar ien. Lang om let waard it in fleurige boel yn'e Wynberg enknoffele it spul stadichoan mear om mei mes en foarke. Mar it iten smakke bêst. Nei it lêste slokje en it wiidweidich betankjen fan de kastlein en nette ferjitten syn frou, gong it skouwingsploechje op hûs oan. Oft it no kaam famn de kjeld of fan de beijenever, mar ús heit syn gesicht wie reader as oars. Nei syn ferhaal skoude hy de stoel efterút, die in taast yn'e binnenbûse fan syn jaske en helle der it slúfke út mei syn traktement foar in hiel jeir wetterskipswurk. Tweintich grauwe gûnen bedarren yn it laadsje fan'e kokentafel, njonken de húshâldponge fan Mem.

Yn'e skuorre strûpte heit syn sneinse pak wer út en sjitte yn syn fertroude seilbokse en blauwe kiele. De âlde klompen fielden as in grutte ferrommingfoar syn seare en beknypte wetterskipsfuotten. Noch efkes de kij ôflochtsje en dan op bêd. Och né...ien sjekje kin wol lije. De reek kringele omheech. it bûthúsbankje kreake en de bisten wjerkôgen fierder. Neeltsje twa feroare al wat........moarn of oaremoarn keallerij.

hekkelje.JPG (22736 bytes)